h

Gemeentlike weryndieling ... woldied of grouwel?

8 oktober 2008

Gemeentlike weryndieling ... woldied of grouwel?

Fryslân stiet foar drege karren. Karren dy 't foarearst oer de hollen fan de boarger hinne naam like te wurden. As dingen geane sa 't se no geane sille der yn de ferskate gemeenterieden yn de provinsje gemeentlike weryndielings ûnderdúmsk ta stân bracht wurde dy 't al as net troch de ynwenners stipe wurde.
Yn feiten witte wy net krekt hoe 't de befolking fan de ferskate gemeenten oer de weryndieling tinkt. It liket der ûnderwilens ek op dat de measte gemeenterieden it der net op oankomme litte om de minsken dat te freegjen troch in folksriedplachting, te benaud dat der wolris in útslach komme kinne soe dy 't harren net noasket. Men sjocht dy tendins lanlik ek. Wêr komt dy benaudens dochs wei? Dus liket it der op dat gemeenterieden en provinsje ynstekke op weryndielings dy 't koste wat kost trochtreaun wurde moatte en dat is ferûntrêstend.

Ferskate gemeenterieden binne al drok dwaande inoar it hôf te meitsjen en mooglike kombinaasjes fan gemeenten passeare al faak de revu... hast beskamsum einliks. Nammen as "DingDong" (of wie it no "DongDang") yn de Noard-Easthoeke passeare al de revu. Mar ek Joureveen of Heerejou; de lêste liket trouwens mear op de namme fan in binnenfeartskip fyn ik. Kwaliker is dat de boargerij einliks al klearstoomd wurdt en oan de nije sitewaasje gewoan rekket. Mar wurdt harren miening wol werklik op priis steld, mei oare wurden: folgje der ek konsekwinsjes út as de boargers it net iens wêze sille mei harren gemeenteried en, meinammen, harren boargemaster en wethâlders?

Men hat haast.

It is myn fermoeden dat der noch yn dizze riedsperioade stappen setten wurde sille dy 't yn elts gefal dreech of faaks hielendal net weromdraaid wurde kinne.
Der wurdt steld dat de beslútfoarming oer al as net weryndiele no "fan ûnderop" plak fynt, mar dêr bedoelt men de gemeenterieden en kolleges mei. Foar my betsjut "fan ûnderop" lykwols folslein wat oars. En wêrom wol men sa graach weryndiele? Faaks omdat Den Haach al jierren dwaande is om hieltyd mear ferantwurdlikheid op de gemeenten ôf te winteljen? Mei dêrby min funksjonearjende sosjale wetten en tagelyk it oplizzen fan ferkapte besunigings? Der moat hieltyd mear dien wurde mei minder jild. Hokker garânsje is der dat dy hâlding nei in weryndieling feroarje sil? Is it better "managen" kinne einliks net de wiere reden foar dizze weryndielings?

In folslein burokratyske reden dus.

In burokrasy dy 't trouwens net ôfnimme sil mar krekt tanimme blykt út ûndersyk. Dy sil ferskowe fan Den Haach nei de gemeenten ta want it wurk sil dochs dien wurde moatte. Dat kostet de boarger dus ek ekstra jild, dy minsken sille ek betelle wurde moatte. De lêsten sillen dus net ôfnimme mar mear tanimme. Tagelyk sil de demokratyske kontrôle hurd ôfnimme en de fergrutte gemeenten sille fierder fan harren boargers ôf komme te stean. Ek dat wiist ûndersyk út. De ynwenners sille har noch minder ynteressearje foar harren gemeente.

Bestjoerders beweare dat de "bestjoerskrêft" ferbetterje sil. It toverwurd.

Mar wat is dat dan einliks, útsein fergrutting fan it amtnersapparaat? Nimmen hat my dat oant no ta adekwaat útlizze kinnen. It is soarchlik dat troch skaalfergrutting fan gemeenten de eigenheid en minsklike maat it risiko rinne om noch hurder te ferdwinen wylst de swierrichheden lizzen bliuwe. Ik haw noch nearne réalistyske foarbylden sjoen fan wat no de direkte foardielen foar de ynwenners wêze sille. Der binne dus te folle fragen nei myn miening en te min konkrete antwurden. En dêr komt by dat de minsken dy 't it meast de gefolgen fan in weryndieling ûnderfine sille úteinlik de ynwenners fan Fryslân binne. Hja hawwe der dan ek rjocht op om de beslissings nimme te meien. Dat is werklik "fan ûnderop".

Ad van de Kolk
Fraksjefoarsitter SP Steatefraksje Fryslân

De enkête weryndielings is ek te finen op:

www.fryslan.sp.nl

U bent hier